|
Achte besikers en advertearders fan tekeapynfryslan.nl |
|
|
|
De twatalige site, tekeapynfryslan.nl, is opnij online gien. |
|
It is de site wêr ynwenners fan Fryslân en fryske bedriuwen har produkten, tsjinsten en twaddehâns guod oanbiede kinne. |
|
|
|
It earste jier ha mear as 100.000 unike besikers de site besocht. Der waarden trochinoar nommen sa’n 5000 advertinsjes pleatst, fariëarjend fan it te keap oanbieden fan ‘kninebixfoarriedbakjes’ oant it jaan fan in ‘cursus alpacas houden’. |
|
|
|
Op in bepaald stuit is besletten de site fierder út te bouwen en te professionalisearjen. |
|
Dit hat wat mear tiid koste as yn de planning lei, mar it is no al slagge . En yn Fryslân jildt noch altyd : ‘better let as net ‘. |
|
|
|
Ien fan de nije eleminten is bygelyks de rubryk ‘advertinsjes om utens’. Hjir kinne minsken en bedriuwen fan bûten Fryslân har produkten en tsjinsten oanbiede yn de spesifike omjouwing fan tekeapynfryslan.nl. |
|
|
|
Nij is ek dat foar guon rubriken in lytse fergoeding frege wurdt, mar it grutste part fan it brûken fan de site bliuwt foar partikuliere oanbieders fergees. |
|
|
|
Hoewol’t der yn de rin fan de kommende tiid hieltyd mear nijichheden komme, (jo wurde hjir uteraard fan op ‘e hichte hâlden) ha wy dochs besletten de basissite fêst online te setten om alfêst wer Frysk, feilich en fertroud hannelje te kinnen. |
|
|
|
Hawwe jo suggestjes, op- of oanmerkings? |
|
Jow it ús troch op: info@tekeapynfryslan.nl |
|
Wy hâlde ús oanrekommandearre! |
|
|
|
Jo kinne ek skilje nei |
|
|
|
Coen Thijs van der Mark: 06 53 250 292 |
|
|
|
Wy hoopje dat jo (opnij) tekeapynfryslan.nl brûke sille, der nocht oan belibje en benammen ek foardiel der fan te hawwen. |
|
|
|
Team tekeapynfryslan.nl |






