Gebrûksbetingsten
Wolkom by www.tekeapynfryslan.nl. De Fryske (en Hollânske) ferkeapside rjochte op Fryslân foar en troch Friezen. Troch it besykjen fan Tekeapynfryslan.nl geane jo akkoart mei de folgjende algemiene betingsten. Dizze binne bedoeld om derfoar te soargjen dat Tekeapynfryslan.nl foar eltsenien wurket.
Gebrûk fan Tekeapynfryslan.nl
Jo pleatse in advertinsje yn de korrekte kategory of it korrekte gebiet fan Fryslân en sil net:
· ynkorrekte as misliedende ynformaasje ferstrekke;
· hannelje yn striid mei ienige wet- en regeljouwing en/as mei ús belied lykas ferwurde in dizze gebrûksbetingsten en beliedsrigels;
· hannelje yn striid mei ienige rjochten fan tredden;
· berjochten ferspriede dy’t spam, kettingbrieven as piramidesystemen befetsje;
· de ynfrastruktuur fan Tekeapynfryslan.nl ûnredelik beleste as de goede wurking fan Tekeapynfryslan.nl ferstoarje;
· maatrigels om de tagong tot Tekeapynfryslan.nl te foarkommen as te beperken, omsylje.
· firussen as oare technology ferspriede dy’t Tekeapynfryslan.nl en/as de belangen en/as it eigendom fan gebrûkers fan Tekeapynfryslan.nl skea tabringe kinne;
· de ienige ynhâld en/as persoanlike gegevens fan tredden kopiearje, bewurkje en/as ferspriede;
· op hokker wize ek ynformaasje sammelje oer oaren, dêrby yngrepen e-mailadressen, sûnder hun tastimming.
Misbrûk fan Tekeapynfryslan.nl
Foar it melden fan illegale en ynbreukmeitsjende advertinsjes en oare problemen as misledigjende ynhâld fersykje wy in e-mail te stjoeren nei úze helpdesk helpdesk@tekeapynfryslan.nl. Sa kinne wy der tegearre foar soargje dat de webside sa skjin en feilich mooglik bliuwt.
Klachten oangeande oplichting kinne jo ek melde fia helpdesk@tekeapynfryslan.nl.
As wy oanwiizings fan oare gebrûkers ûntfange as om oare redenen fan miening binne dat bepaalde gebrûkers problemen feroarsaakje as net hannelje yn oerienstimming mei de letter as de geest fan ús belied lykas ferwurde yn dizze gebrûksbetingsten en beliedsregels, dan kinne wy, as wy dêrta oanlieding sjogge, de hjirûnder neamde maatrigels treffe:
· Wy kinne úze tsjinst beperke as dien meitsje en de hoste ynhâld ferwiderje;
· Wy kinne technyske, juridyske en wetlike maatregels treffe om gebrûkers fan Tekeapynfryslan.nl te warren;
· Om Tekeapynfryslan.nl en de gebrûkers fan Tekeapynfryslan.nl te beskermjen en fraude te foarkommen, kinne wy jo persoansgegevens ferwurkje, lykas útlein is yn ús privacybelied;
· Wy kinne jo persoansgegevens oan bepaalde tredden (lykas plysje, jústysje en rjochthawwenden) ferstrekke, fansels binnen de grinzen fan itgene dat de wet ús tastiet en lykas útlein yn ús privacybelied.
Dizze list is gjin limytbeheinende opneaming. Yn bepaalde gefallen is it mooglik dat de wet ús tastiet oare maatrigels te nimmen. Nettsjinsteande as wy al as net beslúte om in gebrûker fan Tekeapynfryslan.nl te warren, akseptearje wy gjin oanspraaklikheid foar ûnautorisearre as ûnwettich gebrûk fan Tekeapynfryslan.nl troch gebrûkers yn hokker aard dan ek.
Materiaal
Tekeapynfryslan.nl befettet gegevens van ús, fan jo en fan oare gebrûkers. Jo geane dermei akkoart úze auteursrjochten en/as hannelsmerken net te brûken, te kopiearjen, te wiizigjen as te fersprieden. Troch it pleatsen fan materiaal op Tekeapynfryslan.nl jouwe jo ús tastimming om dit te brûken foar públisiteitsdoelen fan Tekeapynfryslan.nl. As jo fan miening binne dat der ynbreuk makke is op jo yntellektuele eigendomsrjochten, dan fersykje wy jo om ús hjirfan op de hichte te bringen troch in e-mail te stjoeren nei helpdesk@tekeapynfryslan.nl. Wy sille de kwestje dan ûndersykje. Wy behâlde ús it rjocht foar om materiaal te ferwiderjen as wy redenen hawwe om oan te nimmen dat dizze gebrûksbetingsten as de rjochten fan wa dan ek skeine binne.
Oanspraaklikheid
Jo geane dermei akkoart om ús net oanspraaklik te hâlden foar wat troch oare gebrûkers pleatst as dien wurdt. Omdat it measte fan it materiaal op Tekeapynfryslan.nl ôfkomstich is fan oare gebrûkers, jouwe wy gjin garânsje oer de krektheid fan de pleatsingen as oare berjochten, as oer de kwaliteit, feilichheid as rjochtmatichheid fan wat oanbean wurdt. Ek kinne wy gjin garânsje jaan oangeande de permaninte befeilige tagong ta úze tsjinsten. Dêrom slúte wy, foar safier’t dat wettelik tastien is, alle ynbegrepen garânsjes en algemiene betingsten ut. Wy binne net oanspraaklik foar ienich ferlies fan jild, goodwill as reputaasje, noch foar ienige besûndere, yndirecte as gefolchskea foartkommend út it gebrûk fan Tekeapynfryslan.nl. Somlike júrisdiksjes steane it gebrûk fan disclaimers as it útslúten fan skea net ta, sadat (inkele fan) dizze disclaimers as it útslúten fan skea mooglik net op jo fan tapassing binne.
As wy ûndanks boppesteande paragraaf dochs oanspraaklik binne, is úze oanspraaklikheid jegens jo as tredde beheind ta maksimaal (a) de totale fergoeding dy’t jo oan ús betelle ha ûnder de 12 moanne foarôfgeand oan de hanneling wêrtroch’t de oanspraaklikheid ûntstean is, as (b) 75 euro, neffens wat heger is.
Persoanlike gegevens
Troch gebrûk te meitsjen fan Tekeapynfryslan.nl geane jo akkoart mei it sammeljen, oerdragen, opslaan en brûken fan jo persoanlike gegevens op servers fan Tekeapynfryslan BV, lykas fierder beskreaun yn ús privacybelied.
Algemien
Dizze betingsten en oare beleidsrigels fermeld op Tekeapynfryslan.nl foarmje de hiele oerienkomst tusken Tekeapynfryslan.nl BV en jo, en ferfange alle eardere oerienkomsten. Dizze gebrûksbetingsten wurde behearske troch it Hollânske rjocht. As wy in bepaling net ôfdwinge, dan hâldt dit net yn dat we gjin ôfstand dogge fan it rjocht en dat op in letter momint jit te dwaan. As ien fan dizze gebrûksbetingsten troch de rjochtbank ûnjildich ferklearre wurdt, dan lit dit de oare gebrûksbetingsten ûnferlet. Wy kinne dizze gebrûksbetingsten van rjochtswege en nei eigen goedttinken oerdrage troch de ûndersteande kennisjouwing. Útsûndere kennisjouwingen wat oanbelanget illegaal as ynbreukmeitsjend materiaal moatte jo berjochten oan ús per oantekene post rjochte wurde oan Tekeapynfryslan.nl BV, Zuidend 14, 8601 EL te Snits, BTW-nûmer NL850845567B01 en inskreaun by de Keamer van Koophandel ûnder nûmer 53343956. Kennisjouwingen oan jo sille stjoerd wurde nei it troch jo opjoene e-mailadres, as per oantekene post. Kennisjouwingen dy’t per oantekene post wurde sille 5 dagen nei de datum fan ferstjoering ûntfongen achte te wêzen.
Wy kinne dizze gebrûksbetingsten op elke tiid wizigje, welke wizigings as op it moment dat jo in advertinsje pleatse as binnen tritich dagen fan krêft wurde, ôfhinklik fan welk foarfal earder ta stân komt. Ienige oare wiziging fan dizze gebrûksbetingsten sil útslútend fan krêft wurde as it skriftlik dien is en ûndertekene is troch de gebrûkers en troch ús. Foar fragen, opmerkingen as klachten kinne jo kontakt opnimme mei Tekeapynfryslan.nl fia it e-mailadres helpdesk@tekeapynfryslan.nl.






