Hantlieding www.tekeapynfryslan.nl
Ferkeapje maklik en fluch jo guod yn Fryslân op tekeapynfryslan.nl foar en troch de ynwenners fan Fryslân.
As it produkt yn Fryslân oanbean wurdt kin elkenien in advertinsje sette en produkten ferkeapje op tekeapynfryslân.nl
It iennige wat jo nedich ha is in e-mailadres.
Hjirûnder wurdt úttlein hoe’t de oanmelding ferrint en hoe’t in advertinsje pleatst wurde kin.
In protte súskses mei de ferkeap of de promoasje fan jo produkt of tsjinst.
Oanmelde
Gean nei www.tekeapynfryslan.nl of nei www. tekoopinfriesland.nl
Druk rjochtsboppe op de knop ‘oanmelde’
· Fier jo e-mailadres yn
· Betink in wachtwurd en jow dit twa kear oan
· As jo in bedriuw ha, kinne jo dat registrearje troch de bedriuwsnamme en it KvKnûmer yn te foljen
· Fier jo brûkersnamme yn. Dit is de namme wêrûnder jo advertearje by tekeapynfryslan.nl/ tekoopinfriesland.nl Om jo privacy te garandearjen is it net nedich jo namme foar elkenien sichtber te meitsjen. Mei dizze namme hoege jo dus net yn te loggen!!
· Folje jo foarnamme / foarletter yn
· As it nedich is: folje jo ynfoeging yn
· Folje jo efternamme yn
· Jo meie jo bertedatum oanjaan. Dit is net ferplichte, mar it is foar ús wol fan belang om te sjen ta hokker leeftydskategory ús besikers hearre
· Jow oan ta hokker geslacht jo hearre
· Folje jo telefoannûmer yn. As jo help of stipe nedich ha, dan kinne wy kontakt mei jo opnimme
· Folje jo postkoade yn, bygelyks 9999AA
· Jo kinne jo adres ynfolje. Dit is foar de kontrôle op gebied fan fraude
· Jo kinne jo hûsnûmer ynfolje. Dit is foar de kontrôle op gebied fan fraude
Privacy ynstellings
· Hjir kin oanjûn wurde oft jo telefoannûmer en e-mailadres op de website sichtber wêze moat.
· Om gebrûk meitsje te kinnen fan de site, moatte jo akkoart gean mei de brûkersfoarwearden fan tekeapynfryslan BV.
Jo krije in e-mail fan no-reply@tekeapynfryslan.nl mei in link om de oanmelding definityf te ferwurkjen.
As dit bard is kinne jo, nei’t der ynlogd is, advertinsjes sette of op advertinsjes reagearje.
It setten fan in advertinsje op www.tekeapynfryslan.nl/www.tekoopinfriesland.nl
Under it logo fan tekeapynfryslan.nl stiet jo brûkersnamme (bygelyks: ferkeaper)
Hjirûnder stiet: nije advertinsje
· Druk op ‘nije advertinsje’
· Kies de groep dêr’t jo produkt of tsjinst yn komme moat (bygelyks: Auto’s)
· Kies de rubryk dêr’t jo produkt of tsjinst yn komme moat (bygelyks: BMW)
· De mooglike kosten foar de advertinsje wurde oanjûn
· Druk op ‘Folgjende’ rjochts ûnder
· Kies jo soarte fan advertinsje: Produkt of Tsjinst
· Folje de titel fan jo advertinsje yn. Doch dit sa folslein en dúdlik mogelik
(wichtich foar it sykjen fan Google)
· Folje hjirnei de omskriuwing fan it produkt of de tsjinst sa folslein mogelik yn
· Stel jo priis fêst en kies út de folgjende mogelikheden
0 Fêste priis, gjin bieding mogelik (bygelyks € 395,00)
0 Biede fan ôf. Der kin allinne heger bean wurde as it troch jo stelde minimumbod (bygelyks € 500,00)
Oars. Jo kinne kieze út: Neier oerien te kommen; Sjoch omskriuwing; Op oanfraach; Ruilje of Fergees
· Ôfbyldings taheakje oan jo advertinsje
· Druk op ‘Taheakje’ ûnder de tekst Ofbyldings
· Gean nei de winske ôfbylding op jo kompjoeter en druk twa kear op dy foto
· De ôfbylding wurdt nei de site stjoerd
· As jo wolle kinne der mear ôfbyldings by de advertinsje set wurde. Druk dan op de knop ‘Taheakje’
· Jo kinne noch in hyperlink/link nei in trochferwizende website ynfolje. Dit kostet € 5,- de advertinsje
· Druk rjochts ûnder op de knop ‘Set advertinsje’ . Jo advertinsje wurdt pleatst.
As der in transaksjefoarstel folget is ûndersteande nedich om troch te gean.
· Der folget in oersicht fan it beteljen fan jo advertinsje
· Selektearje jo bank troch te drukken op it pylkje njonken ABN AMRO
· Druk op beteljen
· De Idealside fan jo selektearre bank komt nei foaren
· Folje jo gegevens yn en doch de stappen dy’t oanjûn wurde
· By de side fan ‘jo hawwe betelle’ kin jo e-mailadres ynfolle wurde
om dêr de befêstiging fan beteljen hinne stjoere te litten
· Jo transaksje wurdt kontrolearre. Nei in pear sekonden komme jo wer op de website fan tekeapynfryslan.nl
· Jo komme dan automatysk op de side fan jo advertinsje. Underyn it byld wurdt even oanjûn dat jo betelle ha en de advertinsje pleatst is.
Binne der noch problemen of ha jo noch fragen, op- of oanmerkings? Stjoer in e-mail nei info@tekeapynfryslan.nl
Wy winskje jo in protte genoegen en benammen in protte súkses op tekeapynfryslân.nl





